Baas Boppe Baas

  • :
  • : 41
  • : 0
  • Drama

:

.

2
2x1
It geheim (diel 1)
Episode overview
By de famylje Baas is in hûntsje oanrûn en se jouwe him de namme Wijke. It docht lykwols bliken dat Wijke slim siik is. Der ûntstiet in konflikt yn de famylje: moatte se it dier ynsliepe litte of net...
2x2
It geheim (diel 2)
Episode overview
Afke fynt in mystearje dat yn it hûs Baas spilet. Joukje wol graach iepen kaart spylje. Mar Beant ferbiedt it har...
2x3
Moraalridders
Episode overview
Hoe fier kinst gean, as it om leafde giet? Beant ûntdekt dat de troude barfrou tutet mei in oare man. Wat moat hy dwaan?
2x4
Heldere geast
Episode overview
Joukje begjint dingen te ferjitten en dêrom tinkt se dat se oan it demintearjen is. As se dit oan Beant fertelt, tinkt hy dat der wat oars oan de hân is.
2x5
Rockfeest
Episode overview
Bennie sil in rockfeest organisearje op in stik lân ticht by it doarp. Talieta is lestich fallen troch in pear hardrock-fans en sjocht sa’n rockfeest hielendal net sitten en besiket fan alles om it feest te kearen.
2x6
Strak kontsje
Episode overview
Binnen it follybalteam ûntdekt Afke net winske yntimiteiten. Se fertinkt har coach, Wiebe Fokkema, in kroechmaat fan Beant, want hy liket nochal fertocht.
2x7
Kloateboeren
Episode overview
Bennie is fereale op Emma. Se is in Nederlânsktalich famke en net steld op boerepummels en stoere brommers. Bennie hâldt fol en krijt in kâns fan Emma. Soe se him dochs aardich fine?
2x8
Krekt beukers
Episode overview
Sjoerd is net mear sa lokkich mei syn wurk. Hy is oan in ‘sabatical’ ta fynt er sels. Dan komt der in fantastyske oanbieding fan in bistedokter út it bûtenlân. Grypt hy de kâns?
2x9
Búk fol biennen
Episode overview
Talieta is wat mislik de ôfrûne dagen. Se is yn ferwachting. Sjoerd sit yn it bûtenlân en no stiet se allinnich foar de drege kar. Sil se it berntsje hâlde of net?
2x10
It lintsje
Episode overview
Ferskate klups út it doarp fan Beant hawwe in oanfraach yntsjinne foar in lintsje. Beant seit dat hy gjin lintsje ha wol, mar stikem liket it him wol wat. Sil hy it lintsje krije?
2x11
Nea wer aaisykje
Episode overview
De skoandochter fan Beant, Talieta, fynt it aaisykjen elke maitiid mar simpel. Mar troch Beant syn geswets oer it sykjen besiket sy om it earste ljipaai te finen. Slagget it har of net?
2x12
Tongblier
Episode overview
De nije bistedokter, Frank, tinkt dat der in gefal fan tongblier is yn it doarp. As dit it gefal is, moatte in soad bisten ôfmakke wurde en soe it slimme gefolgen ha foar de boeren yn de omjouwing. Soe it sa wêze?